Oer dizze side
Myn namme is Sytze de Witte. Fan heitekant kom ik út in echte Fryske famylje, mar sels kom ik út Swol en haw ik it Frysk nea echt goed leard.
Dêr bin ik lang net de iennichste yn. In soad Friezen kinne de taal wol prate en ferstean, mar net of amper skriuwe. Neffens sifers dy't Omrop Fryslân oanhellet, kin mar 19 persint fan de Friezen de eigen taal skriuwe.
Krekt dêrom ha ik dizze side makke: in ienfâldich plak om fluch en sûnder drompel Fryske wurden te oefenjen en dysels út te daagjen. De side is der foar elkenien dy't mei it Frysk oan 'e slach wol: fan begjinners dy't nije wurden leare wolle oant minsken dy't it Frysk al brûke, mar better skriuwe wolle.
Makke troch swite.dev.